Profiel aanmakenWachtwoord vergeten?

Reina Rodina

Backstage > Artiesten > Singer-songwriter > Reina Rodina Divers / Electro / Indie

De Fryske multymuzikante Reina Rodina (Reduzum, 1987) studearre yn 2011 oan de Academie voor Popcultuur yn Ljouwert, mar stie eins al langer op eigen fuotten. Hielendal allinnich, nammentlik, sette sy yn dat jier har ambisjeuze minitour WetterKd op, wynt se har sfearyske, tsjin ambient en post-rock oanleunende ners hearre liet. Midden op it Fryske wetter, wby it publyk yn preamen oanfarren kaam sder te witten wt de reis einigje soe. Ienkear op it bestimde plak, troffen sy pontons oan de w oan, fel beljochte en mei as eftergr in yndrukwekkend led-skerm. Petearen foelen stil, eagen rjochten har op it yn de natuer en yn waar en wyn pleatste poadium. Fan it momint dat Reina Rodina yn har eigensinnige klean de bne op kaam, krigen de taskers in tige ferskate sjo, wby har sang en muzyk, fan swier oansetten elektroanika oant lyts, st piano- en fioelespul, harren meinommen troch de djipste tinzen en gefoelens fan de sjongeres, abstrakt brocht yn har memmetaal it Frysk.

Reina Rodina brt it Frysk omdat dit har it meast nei oan it hert leit, it is de taal wynt sy har gedachten en emoasjes it bte besjongt. Dnjonken liene de aparte en eigen taalklanken har goed foar de breed waaierjende songs. It giet net perfoarst om de taal sels, it is gjin steechheid of grutskens; it giet om de sfear, it gefoel en de klankkleuren, dyt ienrinne fan ierdetsjuster ta himelblau.

Muzikaal rekket Reina no en dan oan Massive Attack, Lamb, Yann Tiersen, Tori Amos en Bjk.

Nei de ssesfolle WetterKd tour der hat in soad omtinken yn de Fryske media west en de publyksreaksjes wiene optein is yn novimber 2011 de cd mei deselde namme kaam. Reina Rodina wurke lang en djipgeand oan dizze debplaat mei producer Phil Mills (o. Tickets Go Past, Nerve, Junkie XL) en lei mei syn help laagde soundscapes del, wt sy oerhinne sjongt, praat, fioele en piano spilet en de harker op e nij meinimt op in reis troch stilte en gaos, in tsjinstelling dyt hieltyd wichtich is yn har wurk.

Yn 2012 docht se ienrinnende festivaloptredens, lykas op Aaipop en it Befrijingsfestival. Dnei sil der tocht en wurke wurde oan nije muzyk.