Profiel aanmakenWachtwoord vergeten?

Skraal

Backstage > Artiesten > Band > Skraal Blues / Rock

Net dyn standert bluesband, mar in eigensinnige bluesrockformaasje besteande fiif sprutsen persoanlikheden. De str fan sjonger Jorn Idzerda is rau en rh en syn mharp wurdt mei in soad power bespile. De sjarmante drumster Styn Idsardi fersoarget de ritmeseksje yn gearwurking mei de re bassist AndrKlijnstra. Andrferfong ein 2010 Sjoerd Peereboom. It gitaargeweld wurdt fersoarge troch Wieger de Wit. De straffe grooves kostje wol in stikmannich snaren, mar soargje wier wol foar in se poarsje enerzjy. De frijmoedige toetsenist Laurens Hofstra soarget foar ynteressante oargelsolos, dyt gjin optreden itselde binne.

Wt it beg (july 2009) yn in gesellige hkeamer mei de nedige lsoerlt, is dizze romte ynwiksele foar in isolearre studio wt de Skrale sound noch better ta syn rjocht komt. De band komponearret en skriuwt eigen ners mei as ynspiraasjeboarne der oaren The Red Devils en AC/DC. Der wurdt hurd wurke oan in earste album dat folslein bestiet eigen wurk. De band stiet garant foar in lyts oere twapenjend mei-inoar spyljen dat soarget foar in noflike sfear, geskikt foar elts feest/festival!

Yntusken hat de band in lytse PA ynstallaasje en in lstechnikus (Erik Wagenaar), sadat der gjin kroech mear feilich is. Skraal hat al optredens fersoarge op Aaipop (it grutste Frysktalige festival fan Nederl), it Blues & Americana festival, Herberchblues, Knypstermerke en fansels yn legio rikkerige kroegen. Ek wurdt Skraal regelmjittich draaid op Omrop Frysl en wie live te beharkjen yn it programma Noardewyn.