Profiel aanmakenWachtwoord vergeten?

Xigatze

Backstage > Artiesten > Band > Xigatze Divers / Indie / Rock

Het Friestalige vijftal Xigatze, spreek uit als “Ksiegatze” maakt wereldse muziek met actuele teksten.

De tip-top geklede mannen en vrouw fan Xigatze, verassen hun toeschouwers met jiskefetblues (Frou,) filmische muziek (Luigi, Spaansk), vogelmantra’s (Skries, Gûlfûgeltsje) en garagecountrysoul.

Xigatze speelde op “Tibetmanifestatie’s” en op muziekfeesten door geheel Nederland. Van Vlieland tot Nijmegen, Van Xinix tot in Artis te Amsterdam..

In 2015 presenteerde Xigatze haar nieuwste opnamen tijdens haar twintigjarig bestaan. Op deze opnamen laat Xigatze weer in prachtig staaltje van haar kunnen horen. Deze opnamen zijn te beluisteren op Spotify en I-tunes.

Wie doet wat in Xigatze? : Sjoukje zingt, Pieter drumt, Henk bast en zingt, Pier gitaart en zingt, Gerben gitaart, keyboardt, praat en theremint.

Xigatze De Tsjasker 30 8748 DW Witmarsum 06-23485824/ 0517-532267 (Gerben) GAGerbrandy@hetnet.nl Voor meer info “Xigatze” op facebook

De muzykploech Xigatze, sprek út as “ksegatze”, makket eigen muzyk mei nijsgjirrige Fryske teksten en absurde bylden. De Xigatzers bestoarmje mei nocht en wille it poadium en meitsje dêr in ferskaad oan ferbjusterjende muzyk lykas, himelajasurfrock en sikstiespop. Xigatze spile op “Tibetmanifestaasjes” en op muzykbarrens troch hiel Nederlân. Fan Flylân oant Nijmegen, fan Kiestersyl oan’t Artis en It Spui yn Amsterdam en fan Tjeppenboer oan ‘t Xinix yn Brabân. Yn oktober 2002 kaam Xigatzes debút cd “Xigatze” út. En ek yn dizze moanne wie de Xigatze cd etalaazje skiif by Omrop Fryslân. Op 1 augustus 2003 brocht Xigatze mei toanielferiening “Surprise” en dûnsers, en sjongers de rockopera “Leafs út Lollum” op de planken. Op 29 oktober 2005 bestie Xigatze 10 jier en dat waard fierd mei in optreden en de presintaasje fan harren twadde cd: “trax” Yn febrewaris 2008 naam Xigatze in cd-single op mei frysktalige covers. Venus fan Shocking Blue en Candy fan Iggy Pop. Dit as odes oan sawol megamodel Doutzen Kroes as plomfeefee Gaatske Wiersma , fan it lêste nûmer hawwe de Xigatzers mei help fan Jannie van der Veen (sang) en Sicco Visser (film) in pronkje fan in fideoklip makke op it strân fan Hârns. Sûnt dy tiid is dizze klip gauris te sjen op omrop Fryslân en GP-TV.

Mei sirkus Saranti liet Xigatze har keunstkes sjen op it grutste poadium fan Fryslân tidens it "Blend" barren fan it Frysk Festival op 30 augustus 2008 yn Ljouwert. Op 25 oktober 2009 spilen hja mei it Terpfolk mei de Sjineesk/Mongoalyske band Hanggai yn poppoadium Romein yn Ljouwert. Yn desimber is Xigatze’s liet “De moannemansoan” yn de studio opnaam troch Jan Switters. “De moannemansoan” wurdt songen troch tenor Marco Rijpma en fjouwer mannen fan it koar “it Terpfolk”. Op Aaipop 2010 die it terpfolk ek mei. Op Aaipop 2013 spile Xigatze yn de nije besetting. Yn dizze besetting wurde der folop nije nûmers makke lykas de skriezenmantra "Skries , Frou, Machafaam, Spaansk en Luigi. Fanôf septimber2015 binne dizze nûmers op Spotify te beharkje en fia I Tunes te keap. Ein 2015 bestie Xigatze 20 jier, drummer Ruurd Akkerman hâld er doe mei joech de drumstokjes troch oan Pieter Feenstra.

Wa docht wat by Xigatze? Sjoukje de Boer sjongt , Pieter Feenstra drumt, Henk Wetting bast en sjongt, Pier Koopmans gitaart en sjongt , Gerben Gerbrandy gitaart, toetst, praat en sjongt.

Xigatze De Tsjasker 30 GAGerbrandy@hetnet.nl 8748DW Witmarsum xigatze op Facebook 0517-532267